Hasjoalje oarsaak fan brân oan Stasjonswei Drachten

Brân boppe winkel Stasjonswei Drachten © Sicco Riedstra
De brân dy't woansdeitemiddei ûntstie yn in wenning oan de Stasjonswei yn Drachten is feroarsake trochdat de 22-jierrige bewenner en in 21-jierrige man út Ljouwert dwaande wienen mei it meitsjen fan saneamde hasjoalje. It twatal besocht mei help fan gas en hasj oalje te meitsjen. Dat mislearre, wêrnei't der brân ûntstie. De manlju krigen beide reek binnen en moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.
De mannen wurde fertocht fan it feroarsaakjen fan de brân. De plysje docht noch fierder ûndersyk.
De brânwacht skaalde woansdei op nei grutte brân om't der in hûs flak neist it baarnende hûs stie. Dat hûs waard sparre. Ek de winkel mei berneklean ûnder de wenning koe rêden wurde. De Stasjonswei waard ôfset foar ferkear.