Automobiliste út Ljouwert pakt mei drank op
In 28-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei har rydbewiis kwytrekke. De frou waard troch de plysje op De Tunen oan de kant set om't se allinnich mar mei har stêdsljocht oan ried.
Om't in blaasproef net slagge, is de frou meinaam nei it plysjeburo foar in bloedproef. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.