Harns finishplak fan Tall Ships Races 2018

13 nov 2014 - 13:50

Harns wurdt yn 2018 it finishplak fan de Tall Ships Races. Dat makke de gemeente Harns tongersdeitemiddei bekend. De gemeenteried hat begjin dizze moanne besletten om har op 'e nij kandidaat te stellen foar de Tall Ships. Dit jier wie Harns it startplak foar it ynternasjonale evenemint. It hat de gemeente doe goed acht ton koste.

Foar 2018 wol de gemeente Harns maksimaal fiif ton beskikber stelle. Der wurdt dêrom ek gearwurking socht mei Kulturele Haadstêd 2018 en de ûndernimmers út Harns.

Oare plakken foar de Tall Ships Races 2018 binne Cherbourg (Frankryk), Sunderland (Ingelân), Stavanger (Noarwegen) en Esbjerg (Denemarken). De eksakte datum fan de race wurdt begjin takom jier bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)