Wüst tsjin Sablikova, Kramer lottet Pedersen

13 nov 2014 - 12:35

Ireen Wüst rydt freed op de 3000 meter by de ISU wrâldbeker yn it Japanske Obihiro yn de foarlêste rit tsjin Martina Sablikova. Op de 5000 meter nimt Sven Kramer it yn de lêste rit op tsjin de Noar Sverre Lunde Pedersen. Yn rit seis komt Douwe de Vries yn aksje tsjin Seung-Hoon Lee út Súd-Koreä.

Freed wurdt ek noch de 500 meter riden. Thijsje Oenema nimt it dêryn op tsjin de Sinese Hong Zhang. Margot Boer treft Denise Roth en Anice Das Nao Kodaira. Jan Smeekens rydt tsjin Tae-Bum Mo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)