Waadeilannen warskôgje foar sike seehûnen

Seehûn © ANP
Der binne noch gjin sike of deade seehûnen oanspield op de Fryske waadeilannen. Ut foarsoarch warskôgje de waadeilannen harren ynwenners dochs foar bisten dy't mooglik oanspiele. Op de websiden fan de fjouwer Fryske eilannen wurde minsken oproppen om net by oanspielde seehûnen yn 'e buert te kommen. Boppedat advisearje de gemeenten om hûnen oan 'e line te hâlden op it strân, sadat se net yn oanrekking komme kinne mei mooglik sike seehûnen.
Ek minsken moatte út de buert bliuwe fan de bisten, om't se de sykte oerdrage kinne.
Wannear't der seehûnen oanspile, sille de gemeenten yn gearwurking mei it ministearje fan Ekonomyske Saken soargje dat de bisten ferfierd wurde. Op de Dútske en Deenske Waadeilannen binne al hûnderten sike of deade seehûnen oantroffen.