Protest mei skipswrakken tsjin wynmûnepark Iselmar

13 nov 2014 - 10:11

In lange rige bussen en djipladers mei skipswrakken komt moandei nei Ljouwert om aksje te fieren tsjin de komst fan in grut wynpark yn de Iselmar. Oan de aksje dogge ûnder oare de Recron, Don Quichot en tal fan riedsleden fan de gemeente Súdwest-Fryslân mei.

De organisaasjes wolle mei de skipswrakken in soart deademars foar de Fryske kust hâlde. Neffens de aksjefierders is de komst fan de wynmûnen de deastek foar de kustplakken oan de Iselmar. Moandei begjinne de harksittings fan de provinsje oer de plannen foar it wynpark yn de Iselmar.

Deputearre Steaten is foar in wynmûnepark yn de Iselmar, mar Provinsjale Steaten moatte der noch oer te set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)