Facebook-aksje foar behâld misthoarn Harns

13 nov 2014 - 09:02

Nick den Boer út Harns is op Facebook in aksje begûn om de misthoarn foar Harns te behâlden. De petysje is al hast 400 kear ûndertekene. De hoarn is stikken en wurdt net mear makke. Dat is lanlik belied fan Rykswettersteat.

Neffens Rykswettersteat is it gebrûk fan in misthoarn achterhelle. It is in âlderwetsk middel om skippen by mist de haven binnen te loadsen. Mar de hjoeddeistige skippen hawwe allegearre apparatuer oan board dy't dat ek kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)