Straf foar driigjende Feanster
In 45-jierrige man fan It Hearrenfean hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen foar mishanneling, bedriging en belediging. De man mishannele ferline jier yn Grins in man en drige mei in mes. In plysjeman waard útskolden en yn it gesicht flibe. De Feanster is earder feroardiele om't hy geweld brûkte.