Ravaazje nei ûngelok op A7

13 nov 2014 - 06:37

Op de A7 by Terwispel ûntstie woansdeitejûn in ravaazje doe't fjouwer auto's tsjinmekoar botsten. In 23-jierrige Drachtster rekke mei syn auto op de oprit yn in slip en glide de sneldyk op. Dêr kaam hy dwers op de dyk te stean. In 90-jierrige automobilist út Drachten botste op de auto. De bestjoerder is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

In 22-jierrige bestjoerder út De Harkema remme op de A7 foar de stilsteande auto's, wêrnei't in 78-jierrige automobilist út Drachten op him botste. Beide bestjoerders kamen mei de skrik frij.

De dyk waard fan It Hearrenfean ôf ôfsletten. Ferkear moast oant ien oere yn 'e nacht omride fia De Tynje en Nij Beets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)