Steatsboskbehear wol mear seehûne-ekskurzjes hâlde

12 nov 2014 - 22:15

De nije seehûne-ekskurzjes fan Steatsboskbehear op Skylge krije in ferfolch. Fan it jier wie it foar it earst mooglik om mei kano's hiel ticht by de bisten te kommen sûnder se te fersteuren. Der wie in soad flecht op 'e koai foar dizze ekskurzje. Dy wurdt yn 'e mande mei de Strandbus en eveneminteburo Mooi Weer organisearre.

Omdat der safolle minsken mei wolle, wurdt de ekskurzje no faker oanbean. De aktive natoertochten op Skylge wurde ek útwreide mei in kombinearde kano- en waadrintocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)