1200 mbo-ers krije oplieding by bedriuwen

12 nov 2014 - 21:11

It Friesland College en it bedriuwslibben sette de kommende tiid tsientallen praktyk-learrûtes op foar jongeren yn it middelber beropsûnderwiis. Se leare dan ûnder begelieding fan in dosint op in bedriuw of ynstelling.

De provinsje en it Friesland College stekke der elk hast in miljoen euro yn om oer trije jier 30 praktyk-learrûtes yn Fryslân op te setten. Dêrmei kinne 1200 mbo-ers in oplieding krije dy't dus oanslút op de praktyk fan it bedriuwslibben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)