Rjochter bûcht him oer kninejacht op Skylge

De kninen op Skylge binne yn elk gefal noch sa'n twa wiken feilich foar jagers. Woansdei wie yn Amsterdam de rjochtsaak fan de stichting Faunabescherming tsjin it ministearje fan Ekonomyske Saken oer de jacht op kninen yn de Skylger dunen. De natuerferiening is lulk om't se fynt dat der misbrûk makke wurdt fan de regels.
Kninen meie ôfsketten wurde as se skea dogge oan bygelyks lânbougrûn of fytspaden. Mar neffens de Faunabeskerming wurde de bisten ek op oare plakken bejage. It ministearje en behearder Steatsboskbehear bestride dit.
Earder gong de rjochtsaak net troch omdat de rjochtbank ferjitten wie Steatsboskbehear út te noegjen. De rjochter hat doetiids besletten de jacht foarearst stil te lizzen. En dat bliuwt no sa oant en mei syn útspraak dy't oer sa'n twa wike ferwachte wurdt.