Sloeperûte tusken Ljouwert en Grou klear

Deputearre Jannewietske de Vries wie der ek © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
De sloeperûte tusken Ljouwert en Grou is klear. It lêste stik fan it trajekt tusken Wurdum en Grou is de ôfrûne tiid útbaggere. Dêrmei is oer de hiele farrûte in maksimale trochfarhichte fan 1 meter 22 realisearre. Ek binne op de rûte twa brêgen ferhege.
De sloeperûte is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt fan de provinsje. Binnen dit projekt is ûnder oare de Wurdumer Feart opnij tagonklik makke foar de rekreaasjefeart.