Jild foar oanpak fan fjouwer krúspunten yn N359

Fjouwer gefaarlike krusings yn de N359 tusken Boalsert en Ljouwert wurde definityf oanpakt. It giet om de krúspunten by Boalsert-noard, Wommels-noard en -súd en Burchwert. Yn de ôfrûne tsien jier hawwe dêr in soad ûngelokken west mei deadlike ôfrin.
Doarpsbelangen stride dêrom al jierren foar oanpak fan de krusings. In mearderheid yn de steaten hat der dêrom woansdei foar pleite om der ekstra jild foar út te lûken. It giet om fjouwer miljoen euro de krusing. Deputearre Poepjes hopet dat it wurk oan de krúspunten yn 2016 begjinne kin.