Noch put om De Lawei yn Drachten op tiid klear te krijen

It wurdt noch in hiele put om skouboarch De Lawei yn Drachten klear te krijen foar desimber. It giet dan benammen om de brânfeiligens fan de besikers. De direksje fan De Lawei hat sûnt tiisdei wer sizzenskip oer it gebou. It retinsjerjocht is der troch de âlde bouwer, Van Norel, ôfhelle.
It earste doel wurdt no om de grutte seal ôf te bouwen. Dy moat yn desimber iepen. De folsleine ferbouwing moat takom foarjier klear wêze.