Brân yn gebou oan de Stasjonswei yn Drachten

12 nov 2014 - 14:56

Yn Drachten hat woansdeitemiddei brân west yn in wenhûs oan de Stasjonswei. De brân ûntstie yn de keuken op de earste ferdjipping. Dy etaazje is folslein ferlern gong. De winkel mei berneklean ûnder is wol rêden. Twa persoanen binne nei it sikehûs brocht nei't se reek binnen krigen hienen.

Nei in oere wie it fjoer ûnder kontrôle. De brânwacht skaalde op nei grutte brân om't in hûs flak neist it baarnende hûs stie. Dat hûs is sparre. De Stasjonswei wie ôfset foar ferkear. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Drachten brân Stasjonswei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)