Mûne De Mearmin wurdt restaurearre

Museum de Sûkerei út Damwâld sil de âlde poldermûne 'De Mearmin' restaurearje en op 'e nij opbouwe. It kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Dantumadiel hat dêr mei ynstimd. De gemeente wykt hjiryn ôf fan in negatyf advys fan de provinsje Fryslân.
De mûne, dy't oan de Geastmer Mar by Dokkum stie, moat aardich opknapt wurde. It museum wol de mûne behâlde om't it in wichtige funksje hie yn it ferline as poldermûne.