Reekbom oan doar fan hûs yn Easterwâlde

12 nov 2014 - 11:46

Yn Easterwâlde is moandeitenacht in hûs oan De Striepe fol reek kaam te stean. De bewenners waarden om in oere as fjouwer wekker fan reek yn hûs. Se kamen derachter dat in reekbom oan de foardoar fêstmakke wie. De reek kaam fia de brievebus yn de wenning. Net ien rekke ferwûne. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
plysje Easterwâlde reekbom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)