Boek oer VOC foar Yndiaaske merk

Bauke van der Pol fan Boalsert syn boek oer de tiid fan de Verenigde Oost-Indische Compagnie is yn it Ingelsk ferskynd yn Yndia. It boek 'De VOC in India', kaam yn 2011 út en giet benammen oer de tiid dat de Nederlanners aktyf wienen yn Yndia. Yn dat lân binne noch in protte spoaren te finen fan de Nederlânske hannelsaktiviteiten yn de 16e, 17e en 18e ieu.
Van der Pol hat de Ingelske ferzje fan it boek foarige wike oanbean oan minister Ploumen fan bûtenlânske hannel, doe't se mei in hannelsdelegaasje yn Yndia wie.