Nij boek oer froulike Alvestêderiders presintearre

Yn it reedrydmuseum yn Hylpen is woansdei it boek 'Deelnemen mag, winnen is een ander verhaal…! Vrouwen in de Elfstedenwedstrijdtocht' presintearre. It boek is skreaun troch histoarikus Mark Hilberts, dy't mei 40 riders prate.
Yn it boek wurdt ûndersocht wêrom't sa min omtinken is foar de prestaasjes fan froulike reedriders by de Alvestêdetochten dy't riden binne. Der wurdt op histoaryske feiten yngien, mar der binne ek persoanlike reedrydferhalen fan rydsters opnommen lykas dy fan Lenie Dijkstra en Geertje Huitema dy't yn 1997 rieden.