Groom-farve slachtoffers krije fergoeding fan definsje

12 nov 2014 - 07:11

Wurknimmers fan definsje dy't siik wurden binne fan groomhâldende farve krije in finansjele fergoeding. Dat sei minister Hennis yn in debat mei de Twadde Keamer oer it ûndersyk nei de gefaarlike farve. Ek op de fleanbasis fan Ljouwert is wurke mei dizze kankerferwekkende farve.

De regeling sil jilde foar âld-wurknimmers mei kwalen wêrfan't it oannimlik is dat dy ferbân hâlde mei de farve. Details oer de fergoeding binne noch net bekend makke, mar neffens it ministearje sil it benammen jilde foar earnstige gefallen.

Trefwurden: 
fleanbasis definsje groom-6
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)