Doarpshûs De Skalm yn Stiens moat mear brûkt wurde

11 nov 2014 - 22:02

Doarpshûs De Skalm yn Stiens wurdt te min brûkt om ek yn de takomst noch bestean bliuwe te kinnen. Dat docht bliken út ûndersyk dat dien is yn opdracht fan de gemeente. Op dit stuit leit it gebrûk op sa'n 20 persint en dat soe yn elts gefal it dûbele wêze moatte. De gemeente wol dêrom de kommende tiid besykje mear ferienings yn it doarpshûs te krijen.

Ek wurdt besocht de kosten fan it gebou nei ûnderen te krijen troch ferienings mear wurk sels dwaan te litten. Tiisdeitejûn binne de brûkers fan de Skalm bypraten oer de takomst fan it gebou.

De gemeente hat der foarearst noch fertrouwen yn dat it gebou iepen bliuwe kin, mar dan moat der wol wat feroarje.

Trefwurden: 
doarpshûs Stiens De Skalm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)