Maatregels tsjin slûpferkear Ljouwerter wyk Aldlân

11 nov 2014 - 21:16

De gemeente Ljouwert sil maatregels nimme om de oerlêst fan slûpferkear yn de wyk Aldlân tsjin te gean. It wurdt dêr hieltyd drokker op de diken troch it wurk oan de ring fan Ljouwert. Troch de wurksumheden by ûnder oaren de Drachtsterbrêge, rint it op de gruttere diken hieltyd faker fêst en dus sykje minsken in oar paad. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes.

Yn oerlis mei de bewenners wurdt no sjoen nei ferkearsremjende maatregels sa as obstakels op de dyk, om it foar slûpferkear minder oantreklik te meitsjen om hjir del te riden.

Dy maatregels moatte noch foar de ein fan dit jier realisearre wêze.

Trefwurden: 
Ljouwert slûpferkear Aldlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)