Wer brân by eardere slachterij Brada yn Ljouwert

11 nov 2014 - 17:40

Der hat tiisdei opnij brân west yn it gebou fan de eardere slachterij Brada oan de Snekertrekweg yn Ljouwert. Doe't de brânwacht oankaam, kaam der swarte reek út it dak fan it gebou. It fjoer wie gau ûnder kontrôle. De plysje is op syk nei in reade Ford Fiësta, dy't krekt foar it útbrekken fan de brân by de eardere slachterij stie.

Tsjûgen soene sjoen ha dat in man in jerrycan yn de auto sette en mei de kofferbak noch iepen fuortried. Der is ek in burgernetaksje foar opsetten. Der hat de lêste tiid faker brân west yn it gebou.

De slachterij stiet al in skoft leech. De plysje docht no ûndersyk nei brânstifting by de slachterij en slút brânstifting net út.

Trefwurden: 
brân slachterij Brada
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)