Kennisnetwurk krimp set troch

11 nov 2014 - 16:14
Foto: Omrop Fryslân

It Kennisnetwerk Krimp Noord-Nederland giet noch fjouwer jier troch. Dat hawwe de provinsje Fryslân, Grinslân en Drinte, en de Hanzehogeschool Grins en de Ryksuniversiteit Grins besletten. Sy sille ek de kommende jierren noch ynvestearje yn it netwurk. It netwurk sammelet ynformaasje oer wat der yn Noard-Nederlân gebeurt op it mêd fan demografyske ûntwikkeling. Dy ynformaasje kin dan wer dield wurde. Benammen de kenniskafees binne tige súksesfol.

(advertinsje)
(advertinsje)