Advokaten sochten kontakt mei fertochte Sint Nyk

11 nov 2014 - 16:03

Trije ferskillende advokaten hawwe besocht yn kontakt te kommen mei de frou út Sint Nyk dy't yn augustus op in groepke jonges ynriden wie. De frou siet op dat momint fêst op it plysjeburo yn Drachten. Fia arrestantefersoargers hawwe de advokaten besocht mei har yn kontakt te kommen, wylst de frou dêr net om frege hie. De feitlike riedsman fan de frou, Tjalling van der Goot, hat de saak oanspand by de Deken fan de Orde van Advocaten yn Noard-Nederlân. Dy hat de misstannen befestige.

Neffens Van der Goot is mei de aksje fan de advokaten de gedrachskoade yn de advokatuer skeind. Hy lit it hjir earst by, sa hat er bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)