Nürnberg-fans wolle Verbeek werom

De oprop fan de fans
Fans fan it Dútske 1.FC Nürnberg hawwe witte litten dat se âld-SC Hearrenfean-trainer Gertjan Verbeek werom wolle by de klup. Yn in advertinsje yn de krante Nürnberger Nachrichten hawwe de fans oanjûn dat se Verbeek graach wer yn Nürnberg werom sjogge. "It is tiid om de stim fan de fans hearre te litten. We easkje dat Verbeek werom komt!", skriuwe de fans yn de krante.
Verbeek wie foarich seizoen ek al in healjier coach fan de Dútske klup. Sûnt it fuortgean fan Verbeek is de klup allinnich mar mear keldere op de ranglist.