Businessklup Thialf bliid mei stânpunt KNSB

De businessklup Thialf is tige wiis mei de ferklearring fan de KNSB dat Thialf yn alle gefallen de kommende fiif jier dé topsportlokaasje foar it reedriden bliuwt. De KNSB wol hjiroer meikoarten in oerienkomst ûndertekenje mei de reedrydbaan op It Hearrenfean. Neffens foarsitter Bert Jonker fan de businessklup Thialf jout dit de baan fan Hearrenfean sa'n foarsprong dat it ek op termyn wol goed komt mei dy topsportstatus.
De KNSB wol njonken Thialf ek fierder mei TranSportium yn Zoetermeer.
TranSportium wol graach gearwurkje mei Thialf by de realisaasje fan in nije 400 meter iisbaan yn Zoetermeer. De iisbaan yn oprjochting hat neffens wurdfierder Frank Heijerman al goeie kontakten mei de direksje fan Thialf. TranSportium hat neffens Heijerman 'gjin inkelde muoite' mei de topsportstatus foar Thialf. TranSportium wol sels graach in baan wurde foar reedrydtalint út de regio Súd-Hollân. TranSportium is wiis mei de yntinsje fan de KNSB om gear te wurkjen mei Thialf. Dy ferklearring helpt by it fierder útwurkjen fan de plannen foar TranSportium. De iisbaan yn Zoetermeer soe yn 2019 oplevere wurde moatte. De nije baan fan Thialf wurdt oplevere yn 2016.