De Lawei wer eigen baas

11 nov 2014 - 12:17

Direkteur Stef Avezaat fan De Lawei is bliid dat boubedriuw Van Norel freed it saneamde retinsjerjocht fan skouboarch De Lawei yn Drachten ôfhelle hat. Dat betsjut dat de Drachtster skouboarch wer eigen baas is oer it gebou. De kommende dagen sil der middels in saneamde spoedplaatsopname noch sjoen wurde hoe fier oft de ferbou no krekt is. Hokker boubedriuw de nijbou definityf ôfmeitsje sil, is noch net wis. It ôfmeitsjen fan de ferbouwing wurdt op 'e nij oanbestege.

Wethâlder Marja Krans fan de gemeente Smellingerlân is bliid dat der lang om let dochs trochboud wurde kin oan De Lawei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)