Nij skoalgebou foar grutter Singelland yn Burgum

11 nov 2014 - 11:53

De learlingen fan middelbere skoalle OSG Singelland yn Burgum hawwe wer wat mear romte. It tal oanmeldings by de skoalle wie dit jier sa bot groeid dat der eins gjin romte wie foar alle learlingen. It tal oanmeldings lei dit jier sa´n 40 prosint heger as ferline jier. Dêrom is der no in nij gebou by de skoalle boud. De groei fan Singelland komt neffens direkteur Haandrikman trochdat de skoalle mei nije systemen wurket. Troch bygelyks in registraasjesysteem op iPads kinne âlden thús yn de gaten hâlde oft harren bern it húswurk wol docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)