Sunige ynjeksjenulle wint soarchpriis

Injeksjenuddel © ANP
Psycholooch Jellie Das út Drachten hat mei har idee foar in sunige ynjeksjenulle de ONVZ Vakprijs 2014 wûn. De priis is ûnderdiel fan Het Beste Zorgidee en wurdt jûn oan ideeën dy't de soarch ferbetterje. Trochdat de sunige nulle in stik koarter is, giet der gjin kostbere floeibere eachmedikaasje mear ferlern. Sa kinne yn stee fan ien pasjint wol trije of fjouwer minsken mei ien potsje medikaasje ta.
Jellie Das nimt de priis woansdei yn ûntfangst by de finale fan Het Beste Zorgidee.