Fytser fan De Gordyk ferwûne nei oanriding

Plysje © ANP XTRA
In 54 fytser fan De Gordyk is moandeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding. De man woe de Nijewei yn syn wenplak oerstekke en seach de auto fan in 35-jierrige frou út de gemeente Hearrenfean oer de holle. De automobiliste koe de man net mear te ûntwike en botste tsjin him oan.
De Gordykster is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.