Reek fan brân yn Rutten soarget foar oerlêst op A6

Ferkear dat oer de A6 fan De Lemmer nei de Noardeastpolder rydt, moat rekken hâlde mei min sicht. Dit komt trochdat der reek oer de dyk hinget. De reek komt fan in grutte brân yn in buorkerij yn it plakje Rutten krekt oer de grins by De Lemmer. Hjirby is ek asbest frijkaam. Der is lykwols gjin gefaar dat de asbest yn in grutter gebiet delkomt.
De brânwacht fan Flevolân hat yntusken it sein 'brand meester' jûn, mar is noch oan it neiblussen. Hjirby komt in soad reek frij. Dat soarget foar oerlêst foar it ferkear, sa warskôget de brânwacht.