Fergees parkeare mei WiFi yn Balk

It nije boerd foar fergees parkearen en WiFi © Josha de Vries
Besikers fan it winkelsintrum yn Balk kinne tenei net allinnich fergees parkeare op it Treemterplein oan de Bogermanstrjitte, mar hawwe fan no ôf ek tagong ta fergees WiFi op it parkearplak.
Om oan te jaan dat er fergees ynternet op it parkearterrein oanwêzich is, hat inisjatyfnimmer Josha de Vries fan Balk in spesjaal parkearboerd meitsje litten.