Nije ôfspraken mei wenningkorporaasjes

11 nov 2014 - 06:32

Der moatte nije ôfspraken makke wurde mei wenningkorporaasjes Elkien en WoonFriesland oer betelbere hierwenten. De gemeenteried fan Ljouwert gie moandeitejûn akkoart mei dizze moasje, yntsjinne troch de PvdA, D66, PAL/GroenLinks en ChristenUnie. Yn de moasje pleitsje de partijen foar genôch betelbere hierwenningen yn doarpen en de stêd.

Ek wolle se de buertbemiddelers en buertkonsjerzjes behâlde, sadat wiken en buerten skjin en feilich bliuwe. De Ljouwerter ried wol foar de simmer takom jier fierder ynformearre wurde oer it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)