Priis foar fotoprojekt fan dûmny fan Blije

In oersjoch fan de webside blijekerk.nl © www.blijekerk.nl
It fotoprojekt fan dûmny Maarten Boersema fan Blije is bekroand mei in Webfish Award foar de bêste partikuliere kristlike webside yn Nederlân. Boersema is krekt ôfstudearre as predikant. Hy ferhuze fan Zwolle nei Blije en fotografearret alle dagen yn twa foto's syn libben as dûmny op it Fryske plattelân. Al dy foto's jouwe in totaalbyld fan binnenút fan it berop predikant.
De sjuery wie net allinnich entûsjast oer it idee achter it projekt, mar ek oer de webside sels: www.blijekerk.nl.
Yn de kategory tsjerken gong de priis foar bêste webside nei de PKN tsjerke yn Easterwâlde.