Nij fûns mei 90 miljoen euro foar skjinne enerzjy

OrangeGas is it earste bedriuw dat jild krijt út it nije Fûns Skjinne Fryske Enerzjy. Dat fûns mei dêryn 90 miljoen euro is moandei offisjeel lanseard op De Lemmer. Doel is jild te stekken yn projekten lykas sinneparken, ierdwaarmte of biomassa. Ek sil der ynvesteard wurde yn it enerzjysuniger meitsjen fan gebouwen.
Yn 2020 moat 16 persint fan alle brûkte enerzjy yn Fryslân op duorsume wize opwekt wurde. OrangeGas brûkt it jild foar in griengastankstasjon yn Drachten. It bedriuw wol dêr 300.000 kilo grien gas yn it jier ferkeapje.
Javo-tours is mei 21 buskes de earste klant fan it tankstasjon yn Drachten.