Soad oerlêst nei kettingbotsing op de A7 by Drachten

10 nov 2014 - 19:48
Foto: Sicco Riedstra

Op de A7 by Drachten binne moandei oan de ein fan de middei seis auto's opelkoar botst. Yn de file dy't dêrtroch ûntstie, fûn letter noch in oanriding plak. By beide botsingen binne gjin minsken ferwûne rekke.

De sneldyk yn de rjochting fan Grins waard in skoft ôfsletten. Automobilisten op de A7, N381 en de N31 moasten dêrtroch rekken hâlde mei file.

Trefwurden: 
A7 Drachten kettingbotsing
(advertinsje)
(advertinsje)