Koornbeurs: skrassen foarstellingen lost tekoart net op

It skrassen fan tsien of tweintich profesjonele foarstellings is, neffens direkteur Lineke Kortekaas fan teater De Koornbeurs yn Frjentsjer, net de oplossing foar de finansjele tekoarten. Fierder sjocht se ek net folle yn de ombou fan in teater nei in kultuer-mienskipshûs mei in teater-funksje.
It binne advizen fan in ûnôfhinklik buro, dy't oernommen binne troch it kolleezje fan b. en w.. Kortekaas fynt dat der folle mear ynvestearre wurde moat yn it gebou en yn reklame om mear besikers te krijen.
Tongersdei sil de gemeenteried oer it teater prate en dan benammen oer in jierlikse subsydzje fan 350.000 euro maksimaal. Dat is folle minder as yn de ôfrûne jierren.