Undersyk nei fermiste en deade katten yn Ljouwert

(stockfoto)
De plysje ûndersiket de fermissing fan acht katten en de dea fan twa oare katten yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. De meldings kamen it ôfrûne jier binnen. Oft der in ferbân is tusken de ferskate fermissings is noch net dúdlik. Ek is noch net wis oft der sprake is fan opsetsin.
Yn de omjouwing fan de Suder-Stienplaat hat de plysje earder al in buertûndersyk hâlden, mar dat hat neat opsmiten. De plysje hopet op tips of tsjûgen.