Doutzen yn WNF reklame

29 feb 2012 - 20:04
Foto: Omrop Fryslân

Topmodel Doutzen Kroes spilet de haadrol yn de nije reklame fan it Wereld Natuur Fonds. It filmke waard woansdei presintearre. Yn de klip is in neakene Doutzen te sjen dy't stadichoan oanklaaid wurdt troch planten. It boadskip is dat de natuer yn jinsels sit.

It is de bedoeling dat it filmke yn de reklameblokken op de grutte Nederlânske stjoerders te sjen wêze sil.

(advertinsje)
(advertinsje)