Albayrak ek by Frysk debat

PvdA
Alle fiif kandidaat-fraksjefoarsitters fan de PvdA komme no sneon nei Ljouwert foar in debat. Earder al waard bekend dat Lutz Jacobi, Diederik Samsom, Martijn van Dam en Ronald Plasterk nei de Fryske haadstêd ta komme, mar no hat ek Nebahat Albayrak tasein te kommen.
De PvdA-byienkomst is yn de Blokhúspoarte. Yn maart beslute de leden fan de PvdA wa't de opfolger wurdt fan Job Cohen.