Wach op dieven by natuergebiet

29 feb 2012 - 17:27

Yn it nasjonale park Drents Friese Wold wurde maatregels nommen om it grutte tal ynbraken út auto's op de parkearplakken tsjin te gean. By de Kanadamar en de Keale Dunen komme buorden te stean om minsken te warskôgjen. Ek komt der in boerd by it Grutte Fean. Op dy trije plakken wiene de measte ynbraken. Steatsboskbehear hopet dat dy buorden fertuten dogge.

Trefwurden: 
Steatsboskbehear
(advertinsje)
(advertinsje)