Wer beammen yn sintrum It Fean

© Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Op It Hearrenfean binne woansdei 30 linebeammen plante op de Heideburen en de Nieuwburen. Yn dy strjitten yn it sintrum wiene twa jier lyn de beammen omseage. Dat soarge foar fûle protesten. It plantsjen fan de beammen is it lêste part fan in folsleine werynrjochting, mei nije stoepen en parkearplakken. De bewenners binne der wiis mei. Der wurde ek noch nije parkearmeters pleatst. Dy binne al kocht troch de gemeente, mar koene yn ferbân mei in steuring noch net pleatst wurde.
De bewenners hiene al folle langer frege om de nije beammen, mar neffens wethâlder Age Hartsuiker wie no it momint, omdat it plantsjen kombineard wurde koe mei de werynrjochtingswurksemheden.