Tongersdei útspraak aaisykjen

29 feb 2012 - 15:53

De Raad van State yn Den Haach docht tongersdeitemiddei útspraak oer it ljipaaisykjen yn Fryslân. Ynset is in ferbod op it sykjen. De saak is oanspand troch de Faunabeskerming. Dy wol witte oft it aaisykjen skealik is foar de ljip. En oft it yn striid is mei de Europeeske of Nederlânske wetjouwing. Twa eardere rjochtsaken by de rjochtbank en it gerjochtshôf binne ferlern troch de Faunabeskerming. Fan 1 maart ôf, tongersdei dus, mei offisjeel wer socht wurde nei ljipaaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)