Weidenaarfleis yn mear supers

Woarstfabryk Weidenaar
Slachterij Weidenaar út Dokkum sil fan juny ôf Hollânsk kowefleis oan alle Spar- en Attent supermerken leverje. It bedriuw levere al regionale fleisspesjaliteiten oan de supermerkketen. Troch de nije opdracht sil Weidenaar op koarte termyn ynvestearje yn in útwreiding. Ek nimt it tal wurknimmers fan 45 nei 50 ta. Weidenaar is benammen bekend fan de woarst, mar de nije aktiviteit sil net ten koste gean fan de woarstmakkerij.