Wurksumheden plysje wer te folgjen op Instagram

10 nov 2014 - 14:18

De wurksumheden fan plysje Noard-Nederlân binne wer te folgjen op Instagram. In wike lyn begûn de plysje mei it pleatsen fan nijs en foto's op in eigen akkount. Doel wie om minsken in byld te jaan fan wat de plysje allegear docht. Mar nei twa dagen waard it akkount blokkearre troch Instagram. Wêrom is noch altyd net dúdlik, neffens de plysje.

De pilot wie lykwols wol in grut sukses, want nei twa dagen wienen der al 900 folgers. De plysje komt dêrom no mei in nij akkount.

Nijsgjirrige boargers kinne it wurk fan fjouwer meiwurkers, lykas in motoragint en in plysjesjef, no folgje fia @politienoordnederland.

Trefwurden: 
plysje Instagram
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)