Earste peal útwreiding Damshûs

29 feb 2012 - 12:08

De earste peal foar de útwreiding fan it Damshûs yn Nij Beets is woansdei slein. Op it stik lân neist it iepenloftmuseum komt in nij yntreegebou mei in museumkafee en museumwinkel en in parkearterrein. Dêrmei kin it museum yn de takomst de groei fan besikers better oan. Yn 10 jier tiid is it tal besikers ferdûbele fan 5.000 nei 10.000. Dit soarge foaral foar parkearproblemen yn it doarp. By de iepening fan it museumwykein yn 2013 moat de útwreiding klear wêze. De bou kostet mear as in heal miljoen euro.

It iepenloftmuseum is yn 1960 begûn. Stadichoan kamen der ferskate húskes by dy't besikers sjen litte hoe't it der yn de tiid fan de feanarbeiders oan ta gie.

Trefwurden: 
museum Nij Beets Damshûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)