Dronken man yn Frjentsjer pakt
In man (32) út Frjentsjer is tiisdeitejûn op it stasjon yn Ljouwert oanhâlden foar mislediging. De man waard oansprutsen op syn iepenbiere dronkenskip en frege om it stasjon te ferlitten. De man rûn fuort en misledige de plysjes. Dêrom is er oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat de man as fermist opjûn wie.
Hy wurdt woansdei werombrocht nei de ynstelling dêr't er ferbliuwt.