Crone slút drugshûs Ljouwert

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat foar it earst in wenning sletten op basis fan de Opiumwet. It giet om in hús yn de Beekkerkstrjitte. De oanlieding foar sluting is dat yn en út dit hús wei geregeld yn harddrugs hannele wurdt. De gemeente wol der hurd tsjin optrede. It hûs is foar in healjier sletten. It giet om it eigen hûs fan de bewenner. As binnen twa jier twa kear konstatearre wurdt dat yn in hûs hannel yn harddrugs plakfynt, wurdt sa'n hûs sluten. Dat jildt ek as twa kear binnen twa jier op itselde plak in himpplantaazje fûn wurdt.